Aksje foar kamelemerk A'skea

08 des 2008 - 15:56

Ynwenners fan Appelskea komme yn aksje foar behâld fan de kamelemerk. Dy merk bestiet út in tal beskildere weinen. Dy meie der fan de gemeente op de merkdei stean, mar de rest fan 'e wike net. Neffens de gemeente is der sprake fan 'opslach fan goederen' en past soks net yn 'e struktuerfyzje.

By de ynspraakjûn yn Appelskea sil moandeitejûn aksjefierd wurde mei kamelen mei in boerd mei de tekst: Hedenavond gratis kameelrijden voor wethouders, als de wet het toelaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)