Adri Kok hâldt op by De Hoeve

© Omrop Fryslân
Adri Kok hâldt nei dit seizoen op as trainer fan kuorbaloergongsklasser De Hoeve. Kok is no dwaande mei syn sânde jier. Yn dy tiid brocht hy de kuorballers fan de tredde klasse nei de oergongsklasse.
Earder waard al bekend dat nei dit seizoen sealhaadklasser Drachten ôfskie nimt fan trainer Henk Jan Mulder en dat Mid-Fryslân en Jan Sjoerd Pool ek net fierder gean.