Help oan asylsikers net goed

© Omrop Fryslân
De PvdA-Smellingerlân ropt yn in brief har keamerleden yn Den Haach op, har yn te setten foar soarchhelpferliening oan asylsikers. It sintraal orgaan asylsikers hat gjin eigen medyske tsjinst mear. Fersekerder Menzis hat de opdracht krigen de sûnenssoarch fan AZC-bewenners te regeljen. Dêrfoar moat it lykwols noch kontrakten slute mei lokale húsdokters.
De PvdA Smellingerlân seit dat dit net goed regele is. Asylsikers kinne no noch net telâne by húsdokters.