Betinking Andriesen: soad folk

© Omrop Fryslân
Der is in grutte belangstelling foar de betinking fan deputearre Anita Andriesen fan moandeitemiddei. Om ien oere hinne wie de Grutte Tsjerke yn Ljouwert fol en ek de ekstra lokaasje yn it Natuermuseum, dêr't de byienkomst op in grut skerm te folgjen is, is sa goed as fol.
Dat betsjut dat mear as tûzen besikers de betinking bywenje. Ek de Waalske Tsjerke wie beskikber foar belangstellenden, mar dy sil net yn gebrûk naam wurde.