GGD-begjint mei luchtmjittings

Wurgens, pine yn 'e holle en dêrtroch mindere sifers. Dit kin barre op de basisskoalle as de kwaliteit fan de lucht net goed is. En op in soad skoallen is de lucht net goed. Op 50 Fryske basisskoallen komme dêrom CO2-mjitters. De GGD soarget foar de mjitters, om skoallen bewust te meitsjen fan goeie fentilaasje.
Moandetemoarn krige basisskoalle De Streek yn Tsjalbert as earste in besite fan de GGD. It ryk betellet de kosten fan 'e C02-mjittings.