IM: snelrjocht mei âld en nij

It Iepenbier Ministearje yn Fryslân sil mei âld en nij it saneamde snelrjocht tapasse. Dat hâldt yn dat relskoppers gauwer straft wurde kinne.
Tongersdei wurde de plannen om relskoppers mei de jierwiksel oan te pakken offisjeel bekendmakke. Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf is bliid mei it snelrjocht. Oosterman is teloarsteld dat de relskoppers fan de lêste jierwiksel yn Haulerwyk noch hieltiten net foar de rjochter brocht binne.