25 drankriders trappearre
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn hiel Fryslân 25 automobilisten betrape mei te folle drank op. Fjouwer dêrfan hiene noch net al te lang harren rydbewiis.
Ien fan 'e oertreders hie noch mar krekt eksamen dien en koe syn rydbewiis pas de kommende wike ophelje. Seis fan de 25 betrape sjauffeurs hiene safolle dronken dat neist de boete ek it rydbewiis ynlutsen waard.