Jild fuort by ynbraak St. Nyk

© Omrop Fryslân
Yn Sint Nyk is sneintenacht ynbrutsen by in bedriuw oan de Tsjûkemarwei. Om der yn te kommen waard de doar oan de achterkant fan it pân fernield. Der binne út it kantoar twa jildkistjes mei dêryn in pear tûzen euro meinaam. In man (59) fan St. Nyk hat oanjefte dien.
Yn Gytsjerk waard ynbrutsen yn in winkel. De dieders kamen der yn troch in gat yn it dak te meitsjen. Nei alle gedachten binne de ynbrekkers steurd troch in man dy't noch wat ophelle.