Manlju ferniele ruten yn Snits

08 des 2008 - 09:16

De plysje yn Snits hat sneintejûn op de Johan Willem Frisostrjitte twa Snitsers (17 en 38) oanholden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. In tsjûge hie de plysje belle mei de meidieling dat de manlju in rút fernielden. Letter die bliken dat se ek noch in tal autoruten fernield hiene.

Op basis fan in sinjalemint koe de plysje de fertochten oanhâlde. Se sieten ûnder it bloed en wiene dwers. De Snitsers binne ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)