Wer winst Hajé Flyers

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Hajé Flyers ha in poerbêst iepeningswykein om de nasjonale titel achter de rêch. Nei de winst sneontejûn op it eigen iis tsjin HYS Den Haach (5-2), waard sneintejûn mei 6-3 wûn fan de Destil Trappers yn Tilburch. Twa fan de trije perioaden waarden troch de Flyers wûn: 2-1, 2-0 en 2-2.
Bert van den Braak (2x), Travis Chapman (2x), Sander Dijkstra en McCabe wiene de Feanster doelpuntemakkers.