Swimrekords foar Lia Dekker

07 des 2008 - 18:06

By de wedstriden om de Swim Cup yn Eindhoven helle swimster Lia Dekker fan Drachten in nij Nederlânsk rekord op de hûndert meter skoalslach. Mei in tiid fan 1.09,15 ferbettere de suster fan Inge Dekker har eigen rekord dat sy yn de moarnssessy al swom, mei 0.35 sekonden. It âlde rekord stie op namme fan Moniek Nijhuis.

Ek sneon swom Lia Dekker in rekord. Sy ferbettere doe it tweintich jier âlde rekord op de 200 meter skoalslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)