Oanholden nei ynbraak

07 des 2008 - 16:22

In 20-jierrige Dútser is yn de nacht fan sneon op snein op de Alexander Cohenwei yn Ljouwert oanholden op fertinking fan dieverij. Nei in ynbraakalarm by in meubelsaak wie de plysje gau op it plak.

It die yndie bliken dat der in ynbraak west hie, mar de ynbrekker waard net mear fûn. In grut rút wie mei in putdeksel ynsmiten om binnenkomme te kinnen. Der wie it ien en oar fernield, mar neat meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)