Man sliept yn ferkeard hûs

07 des 2008 - 16:19

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in man (33) út it bêd yn in wenning fan ien fan syn buorlju helle. Dat barde yn de Professor Wassenberghstrjitte yn Frjentsjer. De bewenster (55) fan de wenning siet by de buorlju en belle de plysje omdat se hearde dat der by har ynbrutsen waard.

De plysjes fûnen se de man flink ûnder ynfloed ûnder it bêd. De man wie derfan oertsjûge dat er yn syn eigen hûs wie. Nei in skoftke seach er dochs syn fersin yn en gong er de wenning út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)