Oppakt foar heling

07 des 2008 - 16:15

De plysje hat sneontejûn yn de Sieversstrjitte op It Hearrenfean in 17-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden op fertinking fan heling. Surveillearjende plysjes seagen de man fytsen op in fyts dêr't it slot foar in part ûntbruts.

It die bliken dat de fyts yn april 2006 op It Hearrenfean stellen is. Tsjin de man is in prosesferbaal opmakke en de fyts is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)