Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de mishanneling fan in 24-jierrige man út Ljouwert. Op sneontemiddei waard dizze man by de yngong fan it fuotbalterrein oan it Kealledykje troch in noch ûnbekende man yninoar slein.
It soe gean om in rúzje oer it wol of net ferpleatsen fan in scooter. It slachtoffer rûn ferwûnings oan it gesicht en nei alle gedachten in harsenskodding op. De man moat noch oanjefte dwaan.