Oenema 18e op 500 meter

© Omrop Fryslân
Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer hat by de wrâldbekerwedstriden yn Changchun yn Sina gjin potten brekke kinnen op de 500 meter. Se waard 18e yn in tiid fan 39,75. De winst yn Sina gie nei de Dútske Jenny Wolf. Dy ried mei 37, 98 in nij baanrekord. Annette Gerritsen waard twadde yn 38,52.
Sjoerd de Vried hat yn de B-groep by de manlju opnij de 1000 meter wûn, yn in tiid fan 1.11, 11. Sneon wûn er ek al.