Earste ferlies Mid-Fryslân

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân ferlearen sneontejûn foar de earste kear dit seizoen yn de sealhaadklasse. Yn Den Haach wie de koprinner út Reduzum en Grou de mindere fan Die Haghe. It waard 23-19. Benammen de froulju fan Die Haghe makken mei in protte doelpunten it ferskil. Marvin Smorenburg wie by Mid-Fryslân mei acht doelpunten topskutter.
Yn deselde klasse ferlear Drachten mei 24-14 yn Alphen aan den Rijn fan Tempo. SCO wûn mei 18-12 by Groen Geel.