Stefan Postma wint yn Nijeveen

06 des 2008 - 16:43

Hurdrinner Stefan Postma fan De Blesse hat yn it Drintse Nijeveen in wedstriid oer 11.200 meter op syn namme skreaun. Postma wûn yn in tiid fan 40 minuten en 37 sekonden.

Job Eysink út Grins waard twadde op 34 sekonden. It brûns gong nei Jasper Mulder fan De Jouwer. Mulder kaam op 46 sekonden fan de winner oer de streek.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)