Rekord stimmetal op Top-100

Der kin noch in pear wike stimd wurde
Foar de gearstalling fan de Fryske Top 100 is no al goed 40.000 kear stimd. Dat is in rekord. Ferline jier wie dat de einskoare, no is der noch in pear wike te gean oant de list definityf gearstald wurdt.
Minsken kinne har top fiif fan meast favorite Fryske platen opjaan. Op grûn dêrfan wurdt de top hûndert makke. Op Aldjiersdei wurdt de list útstjoerd op Omrop Fryslân Radio en -TV.