Trije oanridingen achterinoar

06 des 2008 - 15:07

In 26-jierrige man út Ljouwert hat freed trije oanridingen feroarsake. Alle kearen is er trochriden. De man ried earst in fytser oan. Dy kaam te fallen en de fyts rekke fernield, mar de man ried troch. Dêrnei ried er noch tsjin in parkearde auto oan en koart dêrnei tsjin in pealtsje.

Doe't de man syn auto oan de kant sette, ha omstanders de kaai út it kontakt helle. De plysje hat de man meinaam nei it buro, fanwege it fermoeden dat de man drugs brûkt hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)