Fermiste Warkumse werom fûn

06 des 2008 - 12:52

De fermiste José Frauenknecht út Warkum sit yn Grikelân. Dat hat de plysje bekend makke. Har famylje hat dêr freedtejûn berjocht oer krigen fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken.

Frauenknecht waard 7 novimber foar it lêst sjoen, doe't se op besite gie by in kennis yn Ljouwert. Dêrnei waard der neat mear fan har fernaam. Frauenknecht sil troch har famylje út Grikelân ophelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)