Sjoerd de Vries wint 1000 m

06 des 2008 - 12:20

Reedrider Sjoerd de Vries fan Twellingea hat by de wrâldbekerwedstriden yn it Sineeske Changchun yn de B-groep de 1000 meter wûn. De Vries kaam oer de streek yn in tiid fan 1.11,35. Remco Olde Heuvel út Losser waard twadde yn 1.11,70.

Yn de A-groep wûn de Súd-Koreaan Kyou-Hyuk Lee yn 1.09,68. Stefan Groothuis fan Voorst waard twadde yn 1.10,15.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)