Gefolgen wetterpeil besjen

De Iselmar bedriget Hylpen
Boargemaster Boekhoven fan de gemeente Nijefurd fynt net dat der histoaryske huzen yn Hylpen ôfbrutsen wurde kinne fanwege in heger wetterpeil yn de Iselmar. Freed lekte út dat steatssekretaris Huizinga it advys fan de Deltakommisje foar sa'n heger wetterpeil oernimme wol.
Gefolch fan it advys is dat om de Iselmar hinne 2.000 huzen ôfbrutsen wurde moatte. Nijefurd besjocht de kommende tiid wat krekt de gefolgen binne fan it hegere wetterpeil.