Ofskie fan Anita Andriesen

Kommissaris Jorritsma sprekt op 'e betinking
De Provinsje Fryslân hat freed ôfskie naam fan deputearre Anita Andriesen dy't woansdei ferstoar. Dêrfoar wie in spesjale Steategearkomste belein. Alle Steateleden en it kolleezje stutsen in reade roas yn in faas.
Anita Andriesen waard de Keninginne fan 'e Fryske polityk neamd troch Sjoerd Galema, dy't spruts foar it kolleezje. Elske DeWall song op fersyk fan Andriesen in nûmer fan Leonard Cohen. De famylje Andriesen krijt in dvd mei opnames fan 'e gearkomste.