Sinteklaas befrijd út gefang

05 des 2008 - 15:12

Bern fan 'e Menno van Coehoornskoalle yn Ljouwert hawwe hjoed Sinteklaas befrijd. De Goedhillichman koe net op 'e skoalle komme omdat er opsletten siet yn 'e Blokhúspoarte.

Fol ferwachting stiene de bern te wachtsjen op it skoalplein. Doe't bliken die dat de Sint net kaam en se ek gjin pakjes krije soene, gie it yn optocht nei de binnenstêd ta. Dêr waard Sinterklaas út syn sel helle. De Swarte Piten diene it mâl. Ien sprong by in motorplysje achterop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)