Ynstruier foar SC Hearrenfean

05 des 2008 - 15:04

SC Hearrenfean kin oardel ton euro op de bankrekken byskriuwe. De klub kriget it jild omdat Danijel Pranjic ôfrûne simmer meispile op it EK yn Eastenryk en Switserlân. It Europeeske fuotbalbûn, de UEFA, stipet klubs dêr't spilers fan meispylje op grutte toernoaien. De donaasje is it gefolch fan in oerienkomst fan grutte klubs en de UEFA. Ek Ajax, AZ, Twente, PSV en Feyenoord krije jild. Mei-inoar ûntfange Nederlânske klubs 1,3 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)