Goedkeapere spuiten yn it MCL

05 des 2008 - 11:57

It sikehûs MCL yn Ljouwert sil takom jier tonnen besparje troch ferbân en ynjeksjespuiten yn it bûtenlân te keapjen. Yn Dútslân binne bygelyks ferbân en ynjeksjespuiten stikken goedkeaper as yn Nederlân.

It sikehûs sil dit dwaan yn oparbeidzjen mei oare sikehûzen yn in nij ynkeapferbân. Dêrby sitte ek grutte sikehûzen yn Swolle en Amsterdam. Op termyn sille mooglik ek oare Fryske sikehûzen oanslute by dit ynkeapferbân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)