Skier wol autoferkear beheine

05 des 2008 - 11:03

De gemeente Skiermûntseach wol takom jier in proef dwaan om it autoferkear yn it doarp te beheinen. Yn it simmerseizoen komt der yn guon strjitten in autoferbod. Op tiden dat de boat oankomt en ôffart mei yn guon oare strjitten krekt wol riden wurde. Der soe earst in rûnwei om it doarp hinne komme, mar dat giet net troch.

No is der it saneamde mobiliteitsplan mei de nije regels. De gemeenteried bepraat it plan, dat 62.000 euro kostet, op 16 desimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)