Nije sporthal foar Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Frjentsjer krijt in nije sporthal en in kantine achter de âlde sporthal De Trije. It âlde gebou is ôfskreaun en foldocht net mear oan de easken fan dizze tiid. De nijbou kostet fiif miljoen euro.
Yn earste ynstânsje wie der twa miljoen euro útlutsen foar de hal, mar dat wie net genôch. Yn de nije hal is romte foar fjouwer spylfjilden. As de nije hal klear is wurdt de âlde sloopt. Dy grûn komt dan beskikber foar bedriuwen en ynstellings.