Bou supers Frjentsjer akkoart

© Omrop Fryslân
De ried fan Frjentsjerteradiel hat tongersdeitejûn tastimming jûn foar de bou fan twa supermerken oan de Ljouwerterwei yn Frjentsjer. It giet dan om in Albert Heyn en in Lidl. It beslút betsjut in ein oan in jierrenlang belied dat supers allinnich binnen de grêften festige wurde mochten. Underdiel fan it plan is fierder dat it besteande iepenbiere parkearplak, foar klanten fan winkels út de binnensted, útwreide wurdt.