Oerfal fideoteek yn Harns

05 des 2008 - 06:33
Oerfal fideoteek Harns (foto: Nick den Boer)

Yn Harns hat tongersdeitejûn in oerfal west op in fideoteek oan de Lanen. De oerfaller frege om jild, mar op it momint dat der in klant binnen kaam gie de man der fan troch. De klant sette ferfolgens de achterfolging yn, mar rekke de fertochte kwyt.

De plysje hat noch socht nei de dieder. It is noch net dúdlik oft dat wat opsmiten hat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)