Hearrenfean út UEFA Cup

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean is tongersdeitejûn útskeakele foar de UEFA Cup. De club ferlear foar de tredde kear op rige. Nei AC Milan en Wolfsburg wie no Sporting Braga te sterk. Op It Hearrenfean waard it 1-2.
Gerald Sibon brocht Hearrenfean yn de 19e minút op foarsprong. Renteria makke noch foar rêst de lykmakker. Tsien minuten nei it skoft makke Aguiar de 1-2. Trije spilers fan Hearrenfean, Väyrynen, Sibon en Pranjic, rekken blessearre.