Fûgelpits wol jild fan Dútslân

04 des 2008 - 22:45

De Fûgelpits yn Moddergat wol 11.000 euro ha fan Dútslân. It giet om in fergoeding foar de opfang fan 200 seefûgels. Dy spielden mei hûnderten oare fûgels yn febrewaris oan op twa Dútske Waadeilannen. Dútslân hie sels net genôch opfangkapasiteit.

De Fûgelpits freget Dútslân yn in brief it jild oer te meitsjen. Ek wol de opfang ôfspraken mei it lân meitsje oer eventuele opfang yn de takomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)