Oerenlang steuring by Ziggo

04 des 2008 - 22:10

Hûnderttûzen klanten fan Ziggo hawwe tongersdeitejûn te krijen hân mei in oerenlange steuring. Tusken sânen en tsienen koenen se gjin televyzje sjen, net belje en net ynternette. Oarsaak wiene problemen mei in ferdielstasjon yn Snits. Dat sloech út troch in dip yn 'e stroomfoarsjenning.

Neidat monteurs it stasjon kontrolearre hienen koe de stroom wer oanset wurde. Troch de problemen by Ziggo wie ek televyzjestjoerder GP-TV in skoftlang net te ûntfangen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)