Grûn It Amelân slim fersmoarge

© Omrop Fryslân
Op It Amelân wurdt de kommende tiid 4.000 kubike meter swier fersmoarge grûn ôfgroeven. By proefboarrings yn de jierren sechtich is de grûn fersmoarge rekke mei in kankerferwekkende gemyske stof en mei de metalen koper en lead.
Nei it ôfgraven wurdt de grûn skjinmakke troch in bedriuw oan de fêste wâl. Dat skjinmeitsjen kostet in heal miljoen euro. It ôfgraven moat foar it begjin fan it briedseizoen klear wêze, dat begjint op 15 maart.