Drachten noch yn byld foar VWA

04 des 2008 - 15:58

Drachten bliuwt yn byld as fêstigingsplak foar it Noardlike kantoar fan de Voedsel en Waren Autoriteit. De Twadde Keamer hat minister Verburg fan Lânbou tongersdei werom fluite. Verburg wol dat der in reorganisaasje komt fan de VWA wêrby't in tal kantoaren gearfoege wurdt.

It Noarden fynt dat ien fan de nije kantoaren mei hûnderten arbeidsplakken yn Noard-Nederlân komme moat, mar is ferdield oer de lokaasje. Dêrom hie Verburg keazen foar Swolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)