Platekontrakt Elske DeWall

Elske DeWall
Elske DeWall hat tongersdei in platekontrakt by Universal Records tekene, de grutste platemaatskippij fan Nederlân. Dat betsjut dat se de kommende jierren yn elk gefal ien cd útbringe sil. It is noch net bekend wannear't dy útbrocht wurdt.
De 23-jierrige sjongeres studearret oan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert. Se toerde begjin dit jier mei Syb van der Ploeg troch hiel Nederlân en die koartlyn mei oan it Fryske Leonard Cohen-projekt.