Ynset Burgernet smyt neat op
In aksje yn Ljouwert dêr't it boargernetsysteem by ynset waard, hat woansdei neat opsmiten. De plysje alarmearre goed 700 dielnimmers oan boargernet woansdei oer twa jonges dy't yn de Esdoornstrjitte in fyts stellen hiene.
Hoewol't de minsken allegear in sinjalemint krigen hiene fia in sms-berjocht, levere it neat op. De dieven binne spoarleas.