Acht yllegalen oppakt
By in ynfal yn in pân oan Over de Kelders yn Ljouwert hat de plysje woansdei acht minsken oanhâlden dy't hjir yllegaal binne.
De frjemdlingeplysje, de belestingtsjinst en de arbeidsynspeksje diene de ynfal neidat se in tip krigen hiene. Se fûnen tsien minsken. Twa fan har hiene wol papieren, de oare acht net. Se binne fêstset.