Priis foar sinneboatrace

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan de Frisian Solar Challenge hat woansdei yn Berlyn de European Solar Prize 2008 krigen. It evenemint krijt dizze priis fanwege de promoasje fan duorsume enerzjy by jongerein. Fierder fynt de sjuery dat de sinneboatrace in grutte stimulâns is foar fierdere ûntjouwing fan elektryske boaten.
De race giet by de âlvestêden del. Dit jier diene der 50 teams mei út acht lannen. De priis waard opdroegen oan de ferstoarne deputearre Andriesen.