Keunstwurk Jongstra yn Wommels

03 des 2008 - 20:21

Yn it gemeentehûs fan Littenseradiel is woansdei in keunstwurk fan Claudy Jongstra ûntbleate. De keunstner út Spannum hat in muorre folslein mei filt en side beklaaid. Ek hingje der trije kleden fan filt. Jongstra wol mei har kreaasje mear sinneljocht yn it gebou bringe.

De keunstner krige koartlyn noch de Prins Bernhard Cultuurfonds priis en hat wurk hingjen yn it Catshûs, de Iepenbiere Biblioteek yn Amsterdam en de Nederlânske ambassade yn Berlyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)