SC Hearrenfean tsjin SC Braga

© Omrop Fryslân
Trainer Trond Sollied sil net in protte feroarje oan syn alvetal foar de UEFA Cup wedstriid tongersdeitejûn tsjin Sporting Braga. De ploech dy't ôfrûne sneon PSV yn de lêste minuten in 2-2 lykspul tastean moast, krijt tsjin it Portugeeske Braga mar ien boadskip mei: der moat wûn wurde.
Braga is nei tongersdei útspile yn de groep. De ploech hat no trije punten út trije wedstriden. De Feansters ha noch gjin punten en moatte om te 'oerwinterjen' flink oan de bak.