Wurkstraf foar Fritz Korbach

03 des 2008 - 17:23

Ald-fuotbaltrainer Fritz Korbach mei 18 moannen net mear autoride en hat boppedat in wurkstraf fan 42 oeren krigen. Dat hat de plysjerjochter woansdei bepaald.

Op 22 desimber 2007 waard Korbach troch de plysje yn 'e auto betrape mei seis kear mear alkohol yn syn bloed as tastien. Korbach is earder ek al feroardiele foar it riden mei in slok op. De rjochter warskôge Korbach dat hy by in folgjende kear in finzenisstraf riskeart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)