Anita foarbyld foar pasjinten

Andriesen begjin oktober by 'Bewegen voor overleven'
Anita Andriesen hat troch sa iepen te praten oer boarstkanker de sykte út de taboesfear helle. Dêrmei hat se ta stipe west foar oare froulju. Dat seit Marianne van Hall, de organisator fan de kuiertocht 'Bewegen voor Overleven'. Andriesen wie aktyf belutsen by dizze kuiertocht fan It Bilt nei Ljouwert ta stipe fan froulju by boarstkanker.
Van Hall hat sels ek boarstkanker hân en is âld-steatelid foar it CDA.