Goed rapportsifer E'werf

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Eaststellingwerf binne tefreden oer hoe't de gemeente oanfragen foar fergunnings ôfhannelet. Eaststellingwerf krijt it sifer 7.1 fan 'e boargers as it giet om it behanneljen fan bou-, kap-, en evenemintefergunnings.
Dat docht bliken út in rapport fan de rekkenkeamerkommisje fan de gemeente. De kommisje fynt dat der ek noch wol saken ferbettere wurde kinne. Sa moat foarkommen wurde dat de wetlike beskikkingstermyn oerskrieden wurdt.