Skarsterlân: snelheidsdisplays
Buorden mei dêrop de snelheid fan de automobilist moatte der yn de gemeente Skarsterlân foar soargje dat der minder hurd riden wurdt. De gemeente set fan freed ôf trije saneamde 'snelheidsdisplays' yn.
Dizze buorden sille de kommende wiken op ferskate plakken yn Skarsterlân lâns de dyk set wurde. De gemeente hopet dat automobilisten harren sa mear bewust wurde fan harren rydgedrach.