Ald-rjochter Wedzinga ferfolge

03 des 2008 - 10:52

Ald-rjochter Wicher Wedzinga hat mooglik it amtsgeheim skeind. Dat meldt it Financiëele Dagblad. Wedzinga wie rjochter by it gerjochtshôf yn Ljouwert. Hy soe in fertochte en syn advokaat geheime ynformaasje jûn ha út in oerlis oer de straf foar de fertochte. It Iepenbier Ministearje woe Wedzinga earst net ferfolgje omdat der net genôch bewiis tsjin him wie.

It gerjochtshôf yn Arnhim hat no bepaald dat dat ûndersyk der wol komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)