Hjir gjin wurktiidferkoarting

03 des 2008 - 10:25

Der binne yn Fryslân noch gjin bedriuwen dy't wurktiidferkoarting oanfrege ha by it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Dat seit fakbûn FNV Bondgenoten.

Lanlik ha 40 bedriuwen har by minister Donner meld foar stipe út de WW-fûnsen. It giet fral om bedriuwen yn de metaal, elektro- en de transportsektor. Om yn oanmerking te kommen foar útkearingen moatte bedriuwen ek tastimming fan de fakbûnen ha foar wurktiidferkoarting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)