Oanhâldings foar oplichting

03 des 2008 - 10:22

De plysje fan Ljouwert en de Noordelijke Recherche Eenheid hawwe tiisdei op tolve plakken yn de Fryske haadstêd hûssiking dien. Dêrby binne trije manlju oanhâlden. Sy wiene sûnt augustus belutsen bij ferskate gefallen fan oplichting en it wytwaskjen fan jild.

By de hûssikings waarden in fjoerwapen, in auto, in karavan en hennep yn beslach naam. It ûndersyk rint noch, de plysje slút net út dat der noch mear minsken oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)