Himpkwekerij yn Westeinde

Yn in hûs oan de Jan Jelles Hofleane yn Ljouwert is tiisdei in hennepkwekerij ûntdutsen. De plysje wie de kwekerij op it spoar kaam omdat der lekkerij yn it hûs ûntstien wie.
Dat wie goed te sjen, omdat it wetter út de bûtenmuorren kaam. De plysjes forsearden in rút om der yn te kommen en fûnen doe op de boppeferdjipping sa'n 220 planten. Dy planten en de apparatuer binne yn beslach naam. De plysje moat noch prate mei de bewenner fan it hûs.